Minder ynwenners yn Wymbrits

17 des 2010 - 09:55

Yn Wymbritseradiel is yn it lêste jier fan it bestean fan 'e gemeente it tal ynwenners sakke. Mei-inoar 69 minsken binne út 'e gemeente weigien, de measten út Skearnegoutum. Ut de sifers docht bliken dat yn Wymbrits mear manlju as froulju wenje.

De grutste wenkearn is mei goed 3000 ynwenners haadplak Drylts. It lytste plak is Smelbrêge mei fjirjtin ynwenners. Op de lêste teldatum, 15 desimber, hie Wymbritseradiel goed 16.000 ynwenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)