Visser liedt CDA yn SWH

Hans Visser
Hans Visser wurdt de fraksjefoarsitter fan it CDA yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Hy sil lieding jaan oan de grutste fraksje yn de nije gemeenteried.
Kommende moandei sil foar it earst debatteard oer de befinings fan ynformateur Aalberts. It doel is om op 30 desimber in koalysje-akkoart te presentearjen. Op 3 jannewaris moat de nije ried fan Súdwest-Fryslân ynstalleard wurde.