Kapitein HA38 ferstoarn

16 des 2010 - 20:56

De kapitein fan 'e skulpsûger HA38 dy't tiisdei boppe Skylge omslein is, is tongersdei yn it MCL yn Ljouwert ferstoarn. De 46-jierrige man út Leens yn Grinslân waard tiisdei út it wetter rêden en yn kritike tastân nei it sikehús brocht. Dêr is er oan syn ferwûnings ferstoarn. In 19-jierrige matroas út Grins wurdt noch hieltyd fermist.

It skip is woansdei op 'e kop nei de haven fan Harns sleept. De kommende dagen sil it wer rjochtop set wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)