Better wetter yn Lytse Wielen

16 des 2010 - 17:10

Wetterskip Fryslân en de gemeente Ljouwert lûke 3,5 miljoen euro út om de wetterkwaliteit fan de Lytse Wielen te ferbetterjen. Foaral de blau-alch soarget simmers foar in soad oerlêst. Omdat de alch gefaarlik is foar minsken kin der sa no en dan net swommen wurde op de trije strantsjes yn it gebiet.

Blau-alch docht it goed yn waarm, stilsteand wetter mei in soad mineralen en oare stoffen dêr't algen fan libje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)