Lesmaraton smyt 2300 euro op

16 des 2010 - 15:13

De learlingen fan ROC de Friese Poort yn Drachten hawwe 2300 euro ophelle yn har lesmaraton. De learlingen sieten 24 oeren nonstop yn de klasse, foar de 3FM Serious Request-aksje foar aids-wezen yn Uganda.

De 2300 euro dy't de bern sels ophelle hawwe is oant 3000 euro oanfolle troch de skoalle. Net ien fan de learlingen hat yn de lesmaraton opjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)