Gjin treinen Akkrum-Wolvegea

16 des 2010 - 15:05

Tusken Akkrum en Wolvegea ride tongersdei de hiele dei gjin treinen mear. By It Hearrenfean is in boppelieding stikkenlutsen, wierskynlik troch in frachtwein.

Op it stik Akkrum-Wolvegea set de NS no bussen yn. ProRail is dwaande it mankemint te reparearjen. It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe en ek net hoe grut de skea is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)