Alex Pama ferlit Cambuur

Alex Pama stapt op
Alex Pama stapt op as algemien direkteur fan SC Cambuur. Dat seit er tongersdei yn in ynterview mei Voetbal International. It nijs komt neidat de gemeente Ljouwert woansdei it beslút naam de fuotbalklup in boarchstelling fan 7,5 ton te ferlienen.
Cambuur is dêrmei earst rêden, de klup hâldt syn offisjele KNVB-lisinsje en dat is foar Pama reden om syn opstappen oan te kundigjen. Oan 'e ein fan it seizoen giet er fuort.