Grut park yn nije Snitser wyk

Yn de nij te bouwen wyk Harinxmaland yn Snits wurdt in grut park oanlein fan tolve hektare. De takomstige wyk leit oan de noardeastlike rûnwei fan Snits tsjinoer de wiken De Zwette en De Loten. It Harinxmapark komt sintraal yn de wyk te lizzen.
It park wurdt yn fazen oanlein. It earste part wurdt hast sân hektare grut. It park wurdt oanlein om in tal archeologyske fynplakken yn it gebiet.