Schepers yn basis Cambuur

Bob Schepers begjint yn 'e basis
Bob Schepers start freed yn de basis by Cambuur. De Ljouwerters spylje freed de lêste wedstriid fan 2010 út tsjin Emmen. Nassir Maachi begjint op de bank. Der is ek in basisplak foar Reza. Hy begjint yn de spits.
Leon Hese docht freed ek noch mei. It wie de bedoeling dat de sintrale ferdigener opereard wurde soe oan de hakke. Dizze operaasje is útsteld oant 22 desimber. It belang fan de wedstriid freed tsjin Emmen is te grut om Hese oan de kant te litten.