Yllegale fûken yn beslach naam

De plysje Noardwest-Fryslân hat de ôfrûne moannen acht fûken dy't yllegaal útset wiene, fûn en yn beslach nommen. Tsjin ien persoan, dy't syn fûke útset hie yn de Salverdafeart yn Frjentsjer, is proses-ferbaal opmakke. Fan him is ek in saneamd ielkistje yn beslach nommen.
De plysje hat yn de perioade fan 1 septimber oant 1 desimber ekstra kontrolearre. Yn dy perioade mochten ek beropsfiskers net op iel fiskje.