Part Marreprojekt skrast
De provinsje moat guon grutte wurken fan it Fryske Marreprojekt skrasse om't se te djoer binne. It giet om de farwei fan Drachten nei Grins en Assen, it opknappen fan de farrûte tusken Warkum en Hylpen en it geskikt meitsjen fan De Luts foar gruttere boaten.
Dat docht bliken út in evaluaasje, 10 jier nei't it projekt opset is. Dochs is de provinsje tefreden oer it ferrin fan it Marreprojekt.