13 miljoen foar wettersport

© Omrop Fryslân
De wettersport yn de gemeente Wymbritseradiel krijt in flinke ympuls. De provinsje, de gemeente en it bedriuwslibben ynvestearje mei elkoar goed 13 miljoen euro yn de sektor. De ferwachting is dat der dêrtroch sa'n 40 strukturele banen bykomme yn de regio.
De plannen rjochtsje har foaral op it oantrekliker meitsjen fan de wettersportplakken Heech, Wâldsein, Aldegea en Drylts. De ferbetteringen moatte yn 2015 útfierd wêze.