Sloop foar Sintrale As útsteld

Foar de oanlis fan de Sintrale As wurde foarearst gjin wenten mear sloopt. Foar twa pleatsen jildt in útsûndering om't sloop dêrfan net mear te kearen is. Dat makke de provinsje woansdei bekend by it debat oer it beslút fan de Ried fan Steat om de oanlis út te stellen.
De FNP en GrienLinks hiene dat debat oanfrege nei't de Ried bekend makke hie it beslút oer de oanlis út te stellen. In útspraak wurdt yn maart ferwachte.