Kursus foar skootmobilisten

Alle minsken mei in skootmobyl moatte ferplicht op kursus. Fryske gemeenten moatte derfoar soargje. Dat fynt Feriene Lofts yn de steaten. Ut ûndersyk hat bliken dien dat 30 persint fan de skootmobilisten har ûnwis fiele yn it ferkear. Dat komt de feiligens net ten goede fynt de partij.
In kursus soarget derfoar dat bestjoerders mear selsfertrouwen krije en mear kennis fan de ferkearsregels.