Lichem is fan matroas skip

15 des 2010 - 17:18

It lichem dat op it strân fan Skylge fûn is, is fan it twadde bemanningslid fan it skip dat tiisdei by Skylge fergien is. It giet om in 49-jierrige matroas út Leens. In 19-jierrige matroas út Grins wurdt noch fermist.

De 46-jierrige kaptein fan de skelpesûger koe nei it sinken fan it skip út it wetter rêden wurde en leit noch yn kritike tastân yn it sikehûs yn Ljouwert. It skip leit yntusken op de Richel yn de Waadsee. Der wurdt sjoen nei hoe't it ferfierd wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)