Lesmaraton foar 3FM

Learlingen fan ROC Friese Poort yn Drachten sammelje jild yn foar it Glazen Huis. Radiostjoerder 3FM Serious Request fiert dit jier aksje foar de stille slachtoffers fan aids.
De learlingen fan de oplieding sjoernalistyk en fotografy hâlde in lesmaraton. Dy begûn woansdei om 14.00 oere en duorret 24 oeren. De lessen wurde troch eigen dosinten en gastdosinten jûn. Yn de hiele wrâld ha goed 15 miljoen bern in âlder of beide âlden ferlern oan aids.