Fêst plak foar observaasjepost

De observaasjepost fan Atelier Fryslân krijt in fêst plak by besikerssintrum De Alde Feanen yn Earnewâld. De observaasjepost hat op ferskillende plakken yn de provinsje stien. Der binne op al dy plakken brieven sammele. Yn dy brieven koene minsken skriuwe wat Fryslân foar har betsjut.
Atelier Fryslân wol minsken bewuster meitsje fan de rykdom oan lânskippen yn Fryslân. Yn de maitiid fan takom jier krijt de observaasjepost syn definitive plak yn Earnewâld.