Farrûte Ljouwert net opknappe

15 des 2010 - 13:53

De farrûte tusken it Nije Kanaal en de Suderstêdsgrêft yn Ljouwert wurdt net befarber makke foar gruttere motorboaten. It kolleezje fynt de kosten fan 13 miljoen euro te heech. De grutste kostepost soe de besteande Prins Hendrikbrêge wêze. Dy soe ferfongen wurde moatte foar in beweechbere brêge.

De besteande sloeperûte tusken Ljouwert en Grou sil wol opknapt wurde. Dêrfoar is jild beskikber út it Fryske Marreprojekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)