Himpkwekerij Snits oprôle

De plysje hat oan de Breewijd yn Snits in hennepkwekerij mei hast 900 planten oprôle. De kwekerij siet yn in wenhûs en waard ûntdutsen nei in tip. De stroom foar de himpkwekerij waard yllegaal ôftape.
De plysje hat de planten en de byhearrende apparatuer yn beslach naam. Ek waard de auto fan de bewenner meinaam, omdat dy mooglik mei jild út de hennepkwekerij kocht is. De bewenner rint de kâns út syn hûs set te wurden.