Nij krematoarium yn Snits

15 des 2010 - 11:27

Yn Snits komt it fjirde krematoarium fan Fryslân. Woansdei is dêr de earste peal fan slein. De nije foarsjenning stiet yn de nije útwreidingswyk Harinxmaland oan de noardkant fan Snits. De bou is in inisjatyf fan útfeartsoarch De Boer.

De earste peal is slein troch de mem fan eigners Alex en Bas de Boer. Neffens de bruorren is der ferlet fan in krematoarium. Hieltyd mear minsken kieze foar kremaasje. It gebou moat oer in jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)