Asbest frijkaam by brân stâl

15 des 2010 - 10:24

Der hat woansdei brân west yn in stâl mei 900 bargen oan it Mandefjild yn Bakkefean. Dêrby binne 150 oant 200 bargen om it libben kaam. De bargen binne ferstoarn om't se reek binnen krigen ha. Fanwege dy reek koe de brânwacht earst net yn de stal komme.

De oarsaak fan de brân is mooglik in steuring yn it fentilaasjesysteem. By de brân is in bytsje asbest frijkaam. Dat komt troch de asbestplaten op it dak. Wat mei de bargen gebeurt dy't de brân oerlibben, is net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)