Bargen dea by brân Bakkefean

15 des 2010 - 09:10

By in brân yn in bargestâl oan it Mandefjild yn Bakkefean binne woansdei 150 oant 200 bargen omkommen. De brân ûntstie goed acht oere troch noch ûnbekende oarsaak. Omdat de stâl fol reek stie koe de brânwacht der net yn om de 900 bisten te befrijen. De brân wie goed njoggen oere ûnder kontrôle.

Meardere brânwachtkorpsen hawwe holpen by it blussen. Der sil fierder ûndersocht wurde hoe't de brân ûntstean koe. Der is gjin asbest frij kommen by de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)