Primeur foar MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert begjint mei in projekt foar net-oanberne skea oan de harsens. Mei coaching en begelieding fan de pasjint moat dy de bêst mooglike soarch krije. Der is in spesjalisearre ferpleechkundige oansteld.
It MCL is it earste sikehûs yn Nederlân dat mei Stichting Niet Aangeboren Hersenletsel it projekt útfiert. Skea oan de harsens kin op ferskate wizen ûntstean, troch in beroerte, in ûngelok of tumor.