Brân yn bargestâl Bakkefean

Der is woansdeitemoarn brân útbrutsen yn in bargestâl yn Bakkefean. De brân is troch noch ûnbekende oarsaak om in oere as acht ûntstien. Neffens de earste berjochten sitte der 900 barchjes yn de stâl. Omdat der tefolle reek yn de stâl stiet kin de brânwacht der noch net yn.
Der binne al meardere brânwachtkorpsen oanwêzich foar de helpferliening. De omjouwing fan de brân is ôfset. It giet om de diken it Smitslaantje en it Mandefjild.