Wikileaks goed foar Sahar

14 des 2010 - 22:12

De 14-jierrige Sahar út Sint Anne en har famylje kinne mooglik foarearst dochs yn ús lân bliuwe mei tank oan de webside Wikileaks. Neffens de side is it foar flechte Afganen te gefaarlik om nei har heitelân werom te gean. Yntusken hawwe fiif Afgaanske flechtlingen harren rjochtsaak wûn om't de rjochters ôfgien binne op de ynformaasje fan Wikileaks. De advokaat fan Sahar hopet dat de rjochtbank fan Den Bosch ek it famke en har famylje earst yn Nederlân bliuwe lit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)