VVD: soarch oer Caparis

14 des 2010 - 21:59

De VVD-fraksjes fan de acht gemeenten dy't dielnimme yn de sosjale wurkfoarsjenning Caparis hawwe grutte soarch oer de finansjele sitewaasje fan it bedriuw. Caparis makke oer it earste healjier fan 2010 mear as trije ton ferlies, wylst 125.000 euro winst rûsd wie.

De VVD'ers wolle dat it bedriuw tsjin it ljocht hâlden wurdt om mear dúdlikheid te krijen oer de takomst. Caparis moat yn 2013 sûnder finansjele stipe fan de gemeenten draaie kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)