Wrak bliuwt op see
It wrak fan it fiskersskip dat tiisdeitemoarn fergie boppe Skylge, bliuwt tiisdeitenacht op see. It skip mei pas de Waadsee oer nei Harns as der gjin oalje en brânstof mear oan board is.
It wrak fan de HA38 rûn fêst foar it strân fan Skylge, mar is yntusken ûnderweis nei rêstich farwetter tusken Flylân en Skylge. Tiisdeitemoarn betiid rekke de skulpsûger yn problemen en sloech om. Twa fiskers binne fermist, ien leit yn it sikehûs.
Trefwurden:
argyf