Vroegindeweij riddere

Boargemaster Willemien Vroegindeweij is riddere by it ôfskie fan de gemeente Boalsert. Se krige it lintsje opspjelde fan Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. Tiisdei waard de lêste riedsgearkomste fan de gemeente hâlden. Ek wethâlder Jelle Brouwer waard ûnderskieden.
Vroegindeweij waard al earder 65, mar stelde har pensjoen út oant de opheffing fan de gemeente - om sa de fúzje mei de oare fjouwer Súdwesthoekegemeenten te begelieden.