Wurknimmers efter sosjaal plan

14 des 2010 - 19:12

De Vries Kezinen fan De Gordyk en de fakbûnen binne it iens wurden oer in nij sosjaal plan. De leden fan CNV en FNV hawwe tiisdei ynstemd mei it útstel. Yn it nije plan wurdt der 2,5 miljoen euro op tafel lein. In miljoen mear as De Vries earst betelje woe. Dat is beskikber foar in oanfulling fan 20 persint op de WW, help by it finen fan oar wurk en der is 5000 euro de meiwurker beskikber foar opliedingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)