Goed begjin beide Bouwmeesters

Marit en Roelof Bouwmeester binne goed begûn oan de earste wedstriid om de wrâldbeker fan it nije seizoen. Marit sylde trije races yn har Laser Radial. Se waard fjirde, sechsde en earste. Yn de tuskenstân moat se allinne de Sinese Zhang Dong Shuang foargean litte.
Roelof Bouwmeester stiet nei fjouwer races sânde. Syn resultaten yn de Laser: fjouwer, twa, twa en fyftjin. Dat fyftjinde plak kaam troch in minne start.