Tegels foar Amsterdam CS
Tichelaar yn Makkum hat opdracht krige tegels te meitsjen foar in nije fuotgongerstunnel ûnder it sintraal stasjon yn Amsterdam. It giet om hûndert meter oan lytse tegeltsjes. Se moatte passe yn it histoaryske gebiet om it treinstasjon hinne.
De opdracht betsjut in bêste put en in opstekkker foar de Keninklike Tichelaar.