Wageningen nei Nij Bosma Zathe

14 des 2010 - 16:37

De gemeente Ljouwert giet der fanút dat de ôfdieling melkfee fan de Wageningen Universiteit ferhuzet nei proefbuorkerij Nij Bosma Zathe. Dat skriuwe b. en w. oan 'e riedsfraksje fan 'e PvdA. De partij hie twifels oer de ferhuzing. Reden dêrfoar is dat de ûndernimmingsried fan de universiteit op de ferpleatsing tsjin is. Neffens b. en w. binne tariedings foar de nije suvelkampus by Nij Bosma Zathe yn folle gong. De melkfee-ôfdieling is dêr in ûnderdiel fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)