Blikynsamling hâldt op

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf hâldt mei yngong fan 1 jannewaris op mei it skieden ynsammeljen fan blik. De lêste jierren smite de ynwenners hieltyd minder blik yn 'e spesjale konteners. Boppedat seit de gemeente dat skieding foarôf minder miljeufoardielen opsmyt as achterôf. Dat komt omdat it blik ophelle wurdt troch frachtauto's en dat soarget foar CO2-útstjit.
In tal pleatslike belangen hie de gemeente earder ek al frege om de blikkonteners fuort te dwaan.