Boubedriuwen ûntdûke CAO
Boubedriuwen ûntdûke de CAO mei besunigings op arbeidskosten by it personiel. Dat seit fakbûn CNV Bou. De kosten yn 'e bou stean ûnder druk troch de krisis. Om dy kosten te drukken wurde bygelyks reisoeren net mear betelle of moatte frije dagen ferplichte opnaam wurde. Fierders wurde de kosten fan kantoarpersoniel ek net mear trochberekkene yn 'e priis.
Fakbûn CNV is benaud dat der konkurrinsje op arbeidsbetingsten ûntstean sil.
Trefwurden:
argyf