LTO tsjin plan molkesubsydzje

14 des 2010 - 11:50

LTO Noard sjocht neat yn it plan om melkfeehâlders subsydzje te jaan as se minder molke produsearje yn tiden fan krisis. Dat is in idee fan de Europeeske lânboukommissaris Dacian Ciolos.

Nei it jier 2015 is it molkkwotum der net near. Frijwillige produksjebeheining soe dan grutte priissdalings op de merk foar molke foarkomme kinne. Mar neffens Siebren Reitsma fan LTO Noard hat dat gjin inkeld effekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)