Mooglik wer staking by AGC

14 des 2010 - 11:14

By glêsfabryk AGC yn Easterwâlde wurdt mooglik tongersdei en freed wer staakt. Dat hawwe de fakbûnen mei de leden ôfpraat op in byienkomst yn Tiel. Persoaniel fan de twa fêstigings fan it glêsfabryk fiert dêr aksje.

De staking giet troch as de direksje fan it fabryk foar tongersdei net mei in better CAO-foarstel komt. De direksje hat al wol in akkoart oer in CAO berikt mei fakbûn De Unie. De leden fan FNV Bongenoten en CNV Vakmensen kinne harren dêr net yn fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)