Tsien boetes op Swettestrjitte
De plysje hat moandei op de Swettestrjitte yn Ljouwert yn in oere tiid tsien bekeurings útskreaun foar te hurd riden. Dêr waard kontrolearre omdat buertbewenners klage hiene oer autobestjoerders dy't dêr faak te hurd ride.
Yn 'e Swettestrjitte mei net hurder riden wurde as 50 kilometer yn 'e oere. De rapste rider waard pakt mei 86 kilometer yn 'e oere op syn snelheidsteller.