Kreakers pinautomaat oanhâlden

De plysje hat trije manlju út Grins en Assen oppakt foar it kreakjen fan in jildautomaat yn Kollum. Nei in alarmmelding wie de plysje nei de automaat oan de Andreastrjitte gien. Se seagen dat der in tagongsdoar fernield wie en dat der besocht wie om in klûsdoar iepen te brekken. Dat wie net slagge.
Nei in syktocht waarden de manlju fûn op 'e Betonwei krekt bûten De Harkema. Ut ûndersyk die bliken dat se faker ynbrutsen hiene.