Lintsje foar riedsleden

13 des 2010 - 19:52

Eile de Jong fan de VVD en Rients de Boer fan Gemeentebelangen Wymbritseradiel binne moandeitejûn keninklik ûnderskieden. Se binne beide beneamd ta lid yn 'e Oarder fan Oranje Nassau. Se krigen it lintsje by it ôfskied fan de gemeenteried fan Wymbritseradiel. Fan 1 jannewaris ôf giet de gemeente op yn de fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

De Jong hat fan 1998 oant no lid fan de gemeenteried west foar de VVD. De Boer sit al sûnt 1966 yn de polityk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)