Opnij staking AGC

© Omrop Fryslân
Personiel fan glêsprodusint AGC yn Easterwâlde leit tiisdei op 'e nij 24 oeren it wurk del. Ofrûne freed hawwe se dat ek dien. De stakers dy't oansletten binne by it fakbûn CNV gean mei bussen nei de festiging yn Tiel. Personiel dêr sil dan ek it wurk dellizze.
Wurknimmers en direksje kinne it net iens wurde oer in nije CAO. It leanbod is neffens it personiel te leech. De direksje wol ek in ferplichte fleksregeling ynfiere.