Eksposysje Snitser jachthaven

De Snitser jachtahven (foto: webside Skipfeartmuseum)
It skipfeartmuseum yn Snits hat in nije eksposyje. Dy giet oer it 100-jierrich bestean fan de jachthaven yn Snits. Dy jachthaven waard begjin foarige ieu oprjochte, omdat doe de wettersport syn elitêre karakter wat ferlear en ek tagonklik waard foar de gewoane man.
Gefolch wie dat mear minsken in lisplak foar har boat sochten. Dy romte kaam der ûnder oare mei de Snitser jachthaven.