Spesjale boarden Princessehof
Museum Princessehof yn Ljouwert hat twa bysûndere boarden krigen fan de ferneamde porsleinmakker Sakaida Kakiemon. It museum krige de boarden snein by de iepening fan de tentoanstelling 'Kakiemon, meester-porselein-maker uit Japan.' De boardsjes waarden oerlange troch twa ôffurdigen fan de Kakiemon-famylje.
Princessehof wurket foar dizze tentoanstelling gear mei it Ryksmuseum yn Amsterdam. It moat de boardsjes ek diele mei dit museum.
Trefwurden:
argyf