Reaksjes fisy Nieuw Stroomland

13 des 2010 - 14:10

Op de struktuerfisy foar Nieuw Stroomland, it gebiet dat ûnstiet troch de oanlis fan de heak om Ljouwert, binne santjin reaksjes kommen. De gemeenten en provinsje wolle dêr ûnder oaren in enerzjypark ûntwikkelje.

In grut part fan de reaksjes giet oer de lokaasjekar foar it enerzjypark mei yn it bysûnder in asfaltsintrale. De stjoergroep sil no besjen hoe't se de opmerkings tapasse kinne yn 'e plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)