Trein Snits 3 kear yn 'e oere
De trein tusken Snits en Ljouwert rydt no trije kear yn de oere. Dêrfoar is in saneamd 'ynhelspoar' by Snits oanlein en dat is moandei offisjeel yn gebrûk naam. Mei-inoar hat it spoar in 6 miljoen euro koste. De helte dêrfan is betelle troch de provinsje, de oere helte troch it ryk.
Yn de trein fan kertier oer achten waarden moandei moarnsbrochjes en frijkaartjes útdield en der wie live-muzyk fan Die Twa.
Trefwurden:
argyf