Oerol-paspoarten no te keap
De paspoarten foar Oerol 2011 kinne fan moandei ôf kocht wurde. De organisaasje docht dat om ûnder it nije BTW-taryf út te kommen. It taryf wurdt mei yngong fan 1 jannewaris ferhege fan 6 nei 19 prosint. Dat betsjut dat ek de paspoarten en kaartsjes foar Oerol in stik djoerder wurde.
De paspoarten binne nedich om kaartsjes keapje te kinnen.