Drachtster ferwûne by Peize

13 des 2010 - 11:08
Foto: Martin Nuver

In 59-jierrige man út Drachten is sneintemiddei op de Roderwei yn it Drintske Peize ferwûne rekke by in ûngelok. De man siet as passazjier yn in auto dy't troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke.

De auto bedarre op de sydkant op in stik lân. It slachtoffer waard út de auto slingere en bruts in earm en in heup.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)