Fytser ferwûne troch oanriding

13 des 2010 - 09:59

In 60-jierrige man út Tsjalbert is sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Saturnus op It Hearrenfean. De man woe op 'e fyts de dyk oerstekke. In 54-jierrige automobilist út Lúkswâld koe de man net ûntwike en ried him oan.

De fytser is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)