Drankride yn auto fan heit
De plysje hat sneontenacht yn Damwâld in jonge (18) út Burdaard betrape op it riden ûnder ynfloed fan drank. De jonge hie boppedat gjin rydbewiis. De jonge foel de plysje op, doe't er op de rotonde op de Foarwei in plysje-auto gjin foarrang joech.
De jonge wie op stap yn de auto fan heit en mem. Dy hie er sûnder te freegjen meinommen.