Kornet-dief rint yn 'e fal

Muzikant Saleem Kahn fan Aldegea hat sneon in dief op it stasjon fan Grins yn de fal rinne litten. In man (43) út Winschoten hie ferline wike by it Nederlânsk Brassband kampioenskip yn Grins de kornet fan Kahn stellen.
Hy liende dy fan ynstruminteferhier Van der Glas. Nei it optreden wie de kornet fuort. In freon fan Khan seach dat de kornet oanbean waard op Marktplaats en regele in moeting op it stasjon. Doe't de dief de kornet toande hâlde de plysje de man oan.