Grinzer dief trappearre
De plysje hat sneontenacht in Grinzer (50) trappearre by in ynbraak yn in pleats by De Haule. De bewenners fan de pleats oan de Doarpsttrjitte waarden moarns om 4 oere wekker, doe't der ynienen twa ynbrekkers by harren yn de sliepkeamer stiene. Doe't dy de bewenners seagen besochten se út te naaien.
De warskôge plysje seach it duo op de Bovenweg en koe de Grinzer oppakke. De twadde fertochte wist te ûntkommen. De Grinzer moast mei nei it plysjeburo.
Trefwurden:
argyf